Dizze skoallefoto fan 1904 is in klassefoto fan de herfoarme skoalle. De skoalle wie yn it pân op nûmer 27 fan de Legedyk. Letter wie it de wurkpleats fan boubedriuw De Vries. No hat it in wenbestimming. Links op de foto stiet it haad fan de skoalle master Roelof Walda. It haad stie altyd op alle foto’s dy’t op skoalle makke waarden. Hy hat fan 1888 oant syn pensjoen yn 1922 haad west fan de twamansskoalle. De Waldastrjitte is nei him neamd. Syn opfolger waard master H.J. Glastra van Loon.
De foto is my tastjoerd troch Tjalling Visser (72 jaar) út Nijverdal. By it opromjen kaam er de foto tsjin. De jonge master rjochts op de foto is nammentlik syn pake mei deselde namme. Neffens him wie syn pake doe 19 jier âld en hy is berne yn Toppenhuzen. Troch de famylje Van Elven kaam er oan myn adres. It skribaatadres en tillefoannûmer hie him yn kontakt brocht mei Cees. Troch him kaam de foto by my terjochte. OPROEP:
It soe moai wêze dat der noch Skearnegoutumers binne dy’t op de foto ‘bekende’ gesichten sjogge, want nammen fan de skoalbern op de foto binne der net.
Reaksjes binne fansels wolkom.
stjoer dizze maar nei dhr. Sipke Plat