28-02-2020  Yn de Omropper fan dizze moanne in foarwurd oer wat komt…. “Wy dogge der goed oan no mar faak yn de tún te sjen. De snieklokjes en de krokussen,se steane alwer te pronkjen. Ik haw der ek altyd aardichheidheid oan te sjen oft der al wer knoppen en  begjinnend grien oan beammen en strúken sitte. Wy lêze dat de skriezen alwer op Skrins en Skrok binne………….it komt grif goed. De maitiid komt der oan minsken, no mar hoopje dat der gjin pak snie mear komt yn maart sa as wy alris belibbe hawwe. Mar de maitiid komt, noch eefkes geduld hawwe…