Sneon, 1 juni wie it wer feest op Boartersnocht. Om de fiif jier wurdt oandacht jûn oan it bestean fan de boarterstún, dy`t oprjochte waard in 1979. Al hiel wat skearnegoutummers hawwe troch de tiid hinne as bestjoerslid of frijwilliger meiwurke oan it behear, it ûnderhâld, tafersjoch en de bysûndere jierlikse aktiviteiten foar de lytse bern fan Skearnegoutum.
Op de webside fan de feriening, dy`t jimme fine kinne op de doarpswebside www.skearnegoutum.nl, ûnder it kopke ferienings, hawwe de hjoeddeiske bestjoersleden har persoanlik foarstelt en fertelle se wêrom se har ynsette foar de feriening. Maar se wize der ek op dat der hiel wat oare frijwilligers aktyf binne foar Boartersnocht.
45 jier is al in hiel skoft. Noch altyd binne hiel wat minsken belutsen by de feriening. Fan foarsitter Johan Ypma hearde ik dat de feriening op syk is in nei boarters- tastel fanwege ferfanging.
Foaral de wat gruttere tastellen binne tige djoer wat te meitsjen hat mei de hege feilichheidseasken wêr fabrikanten oan foldwaan moate. De kostpriizen binnen dan ek wolris heger as € 10.000,-
It bestjoer is noch op syk nei sponsoren en hat al in moai tastel op it each. Fan doarpsbelang sille se seker in bijdrage ferwachtsje meie.

Ik frege my wolris ôf wat it tichte, rûne hokje eins is en gie der fan út dat dêr materialen opslein wurde. Dat kloppet ek, mar as der in feestje fiert wurdt giet it loket iepen en kinne de bern hjir drinken krijge en miskien ek wol snobbersguod, sa die ôfrûne sneon bliken.
It is aardich ris te sjen hoe`t de boartenstún der yn it begjin útseach en fergelykje dat mei dy fan no.
Yn it foto album op dizze website fine jim dan ek foto`s fan yn it begjin en no. Foar aardich wat minsken in leuke syktocht wa`t dêr op de âlde foto`s, meast noch swart/wyt, steane. Sels koe ik dat mar by twa skearnegoutummers gewaar wurde.

It is geweldich moai om te sjen dat de boarterstún noch altyd tige populêr is by de bern. Dat is in grutte stimulâns foar de bestjoersleden en frywilligers.
Ik hoopje en winskje dat boartersnocht noch folle jierren yn Skearnegoutum bestean mei.
Jan