Troch in tafallich kontakt mei immen fan bûten Skearnegoutum waard myn ynteresse foar it âlde doarp wer ris opwekke. It doarp dat doe destiids bestie út mar inkele strjitten, te witten Lege Dyk, Swettewei, achterbuorren, alddyk en st. martensdyk.

Der wienen yn froeger tiden in soad neringdwaanden yn Skearnegoutum. Allerhande lytse winkelsjes koe men hjir fine mar ek doarpsbewenners sûnder winkel dy`t by de doarren lâns gongen mei negoasje. De winkelsjes wienen it meast te finen oan de Achterbuorren en Alddyk.

Nei`t ik mei inkele doarpsgenoaten prate hearde ik dat der wol 4 of 5 bakkers yn it doarp west hawwe. Ien dêrfan wie bakker Harkema op Alddyk nr 5. Dêroer letter miskien mear. Der binne noch mar in handsjefol Skearnegoutummers dy`t miskien wat mear witte oer de tiid foar 1923, it jier dat doarpsbelang oprjochte waard en dêrom wol ik mei dy minsken noch ris yn petear.

Yntusken haw ik al wat foto`s fan`t âlde doarp krigen. Jo fine se yn it fotoalbum fan dizze site. As der noch wat bysûnders opdûkt, sil ik dat trochjaan, foar de leafhawwers sa te sizzen.

Jan Luimstra