Kofjedrinke op moandeitemoarn
Alle moandeitemoarns fan 10.00 – 12.00 oere.
Yn it Martenshúske wurde alle moandeitemoarns in pear kannen kofje setten.
Elkenien is dêr wolkom!.
Wat beprate we dêr?
No, neat en fan alles, doarpsnijs en wrâldnijs, oer doe en no en oer de takomst,
ferhalen fan tichtby en fierôf, oer kwalen en kwesjes, soms ûnsinnich, soms djipsinnich praat.
En der wurdt ek altyd lake
Ik soe sizze: “Kom marris del”
Oan`t sjen
Albert