Yn de jierren 1940-1945 wienen der trije bakkers yn Skearnegoutum.
Ien fan harren wie bakker Harkema. De bakkerij stie op Alddyk, nûmmer 5. It hûs wêr`t Johan en Petra Ypma mei harren trije bern wennen en no ferhúze binne nei de pleats op`e hoeke fan de Lege Dyk en Fleardyk, foarhinne bewenne troch âld makelder de Jong.

Immen frege doarpsbelang nei  âlde foto`s fan de Alddyk en Lege Dyk út froeger tiden en sa kamen der fan in pear doarpsgenoaten, u.o. Johan Ypma en Wiebe Cnossen foto`s nei my ta. No Johan en Petra ferhúze binne ûnstie by my nijskierrigens nei it bakkersechtpear Harkema yn dy oarlochsjierren.

It is my nei in skoftke wol dúdlik wurden dat der gjin Skearnegoutummers mear binne dy`t de jierren 40-45 echt bewust meimakke hawwe. De 80 ers fan no wienen noch hiel lytse pjukken yn dy jierren. Faaks hawwe se fan harren âlden wol wat heard nei`t se wat âlder waarden, mar folle details sille se werskynlik net heard hawwe.

Ik ha kontakt hân mei inkele famylje leden fan de Harkema`s. De earste wie Arjen Harkema. Hy wennet oan de Dielakker en is in bernsbern fan it bakkersechtpear. Arjen hat my it ien en oar fertelle kinnen. Sa wie der in bakkerwinkel oan de lofter foarein fan it hûs en dêr achter siet, ek lofts,de bakkerij. Boppe de bakkersoven wie der in skûlplak, dat te berikken wie fanôf de souder. Harkema en de âldste jonges hawwe dêr wolle inkele keren yn sitten as de besetters hûs oan hûs op syk wienen nei ûnderdûkers of nei jonge mannen om se foar de oarloch nei dútslân ôf te fieren. Der wie plak foar trije minsken.

Hij fertelle ek dat de doarpsfilm Scharnegoutum 1955, makke troch Jan van der Meer, lange tiid de filmer fan Skearnegoutum, stiet op you tube en dat op dy flim bylden steane fan it bakkerspear en ek Arjen syn heit Epeûs. Ik koe se net fine, mar ha se ek net kent fansels. Arjen liet my noch wol eefkes syn heit sjen op dizze film. Hy kaam hiel dúdlik en “close” yn byld op de film.
Oare nammen fan bern fan  it bakkerspear  wienen Arjen, Epeûs, Kees, Baukje en Rinskje. Mar Arjens binne der in hiel soad yn de famylje omdat pake faak ferneamd waard sei Harkema. It hûs oan de Alddyk wie folle lytser yn de oarlochstiid. Johan en Petra hawwe it aardich útwreide en fansels modernisearre.

It bakkersechtpear leit begroeven op it tsjerkhôf hjir yn Skearnegoutum, rjochts fan de tsjerke. Dêr leit ek soan Epeûs, berne
20-12-1926 (de heit fan Arjen) en ferstoarn op 6-5-1992 en twa dochterkes, in Baukje dy mar 3 jier âld waard en in twadde Baukje mar 1 jier .
Op bijgeande foto fan dit grêf kinne jim alle berte- en datum fan ferstjêrren werom fine. It bakkerechtpear is nei it slúten fan de bakkerij letter nei Thabor gien wêr`t se ek beide ferstoarn binne. Harkema al nei sa`n 2 jier op de leeftiid fan 80 jier en syn frou, dy`t 7 jier jonger wie, hat dêr noch hiel wat jierren wenne oan`t sij ferstoarn is op 83 jierrige leeftiid. Op it grêf stiet  de bibelske tekst van Jesaja 43:1B

Arjens tante Rinskje wennet yn Frittemahof, is oer de 90 jier en is net mear by steat wat te sizzen. Se is dementearjend en fan de resepsje fan Frittemahof waard ik wiist op in famyljelid dat de tante fan Arjen blykte te wêzen. Ik ha ek mei har praat. It wie wol eefkes sykjen om`t ik de strjittenamme yn Snits te witten kaam, mar net wêr`t se dan wenne. Sûnder no daliks by har oan belje te wollen socht ik dochs om it hûs. In frou dy`t út har wenning kaam mei de bedoeling in ein te rinnen mei help fan har loopstokken seach dat en frege my wa`t it socht. Ik sei mar dat ik tante Annie socht, no dat bliek sy sels te wêzen.

Annie fertelde dat se in skoandochter fan de Harkema`s  wie, se wie trouwt mei ien fan de soannen, dy`t net mear libbet.
Doe`t ik frege nei de foto`s fan it bakkersechtpear, dy`t ik fan har krigen hie, hearde ik dat net sij mar har dochter dy nei my tastjoert hie. Annie fûn it in leuk petear en sjocht út nei myn ferhaal. Arjen trouwens ek.

By dit artikelsje ek de foto wêr it bakkersechtpear tige kreas op stiet en goed nei de kamera fan de fotograaf sjocht.

In oare bakker fan Skearnegoutum yn dy tiid wie bakker Abma. Tal fan skearnegoutummers kenne him noch wol en witte oer him te fertellen. De man yn de koarte broek as hy súttele mei de bôlekoer, in echte bûtendoar man dy`t swom yn de swette by simmer en winter salang de swette net ticht lei. By in bytsje froast hakte hy in wak. Ek learde Abma bern it swimmen.

Jan Luimstra