In moaie groep “keunstners” út ús doarp binne sneon 11 jan. ûnder lieding fan Sjoukje Altenburg dwaande west mei in workshop skilderjen yn it Swettehûs.

Alles mei as doel in nije útstalling foar en yn it doarpshûs. 13 Wurkstikken hat it opsmiten. Meikoarten sille se te bewûnderjen wêze, dan sille ek de foto’s fan it wurk hjir te sjen wêze, foarearst allinnich plaatsjes fan de fanatike en keunstsinnige talinten oan it wurk!

Geart Bos