Wylst doarpsbelang dwaande is mei alle belutsen partijen in oerlis mei de gemeente SWF ta te rieden, wie der in ludiek protest fan âlden op`e Terp by skoalle en thuis bij Thea.It parkearen op de Terp jout in soad ûngemak foar bern, memmen mei benneweinen en bewenners en liedt ta gefaarlike sitewaasjes. Net eltsenien is ree om ynskiklik te wêzen, mar de problematyk is fansels ek in gefolch fan it feit dat it hjir in dea rinnende strjitte is. It ferkear kin net troch streame. It bestjoer fan doarpsbelang tinkt dat der mooglikheden ta ferbettering binne.

Hja wol de kwestje oankaartsje by bestjoer en polityk fan SWF. Dat yn earsten foar dit parkearprobleem, mar ek foar it drokke ferkear op de Alddyk en de ûntslúting fan de wyk iisbaan/trekskute, dy`t probematysk is.

Us doarpscoordinator Erik Visser warskôget al dat de oanlis fan mear parkearplakken -wêr`t wol romte foar is- net gau yn oanmerking komme sil om`t 1 parkearplak de gemeente al sa`n € 5.000,- kostet. Fraach is ek of dit in goede oplossing is. Sjogge wy bygelyks nei de sporthal dan steane de auto`s op de dyk parkeart en bliuwe de parkearfakken achter de hal gewoan leech stean. Tsja de minsken wolle net folle muoite mear dwaan.

Der is op de Terp yn elts gefal wol romte om de sitewaasje te ferbetterjen sa as bygelyks in plak wêr`t auto`s keare kinne. Dat nimt net wei dat de problemen foaral oplost wurde moatte mei feroaring fan it minsklik hanneljen. Allinnich de auto meinimme as it net oars kin, net parkeare op de Terp mar in oar plak sykje soe al foldwaane wêze kinne. Der binne lykwols noch in tal opsjes yn beried…

Jan