Fleane, fleane, fûgelfrij.
Ferline jier, krekt foar de simmer krige ik samar spontaan de fraach: “Geart wolsto de printkladde fan myn boekje lêze en fan kommentaar fersjen. Do pielst altiten mei it Frysk om en skriuwst sels ek wol, dus doar ik it dij wol te freegjen.” De fraach kaam fan Sybrig Martens, by ús yn it doarp ek wol bekend as Sybrig Bethlehem.
Ik ha my ôffrege hoe’t hja by my kaam, sa goed koene wy mekoar net, lykwols fûn ik it hiel bysûnder dat hja my frege en ik hoegde net lang nei te tinken om ja te sizzen.
It boek giet oer in hiel yngripende perioade fan Sybrig har libben, fan ein 2004 oant ein 2006, en ik fûn it wol wat dat ik op sa’n persoanlik ferhaal oer it oerspand wêzen kommentaar leverje mocht. Noflik wie it petear mei Sybrig wêr’t ik myn op- en oanmerkings wat taalgebrûk, grammatika en de sinsbou oanbelange, taljochte ha.
Krekt foar ús fakânsje wie it boekje klear en krige ik in eksimplaar as kadootsje fan Sybrig omt ik de moed hie om it troch te lêzen en har te helpen mei oanwizings. Yn de fakânsje ha ik it mei ynteresse en ynmoed lêzen en it griep my oan.
Ik siet op dat stuit yn in min oft te mear fergelykbere sitewaasje en mei dêrtroch wiene guon passaazjes hiel konfrontearjend. Twad fyn ik it moedich dat jo eat wêryn jo hiel kwetsber binne oan it papier tabetrouwe mei as doel it oan oaren lêze te litten. Jo hingje dochs min of mear jo smoarge wask bûten. Sels hat se my ferteld dat se it dien hat as in soarte fan terapy foar harsels mar ek foar oaren dy ‘t soks meimakke ha. Se skriuwt: “Diele wurket hieljend nei beide kanten”.
Reade tried yn it boek binne in âlvetal dreamen, mar útsein it feit dat it in (wed)striid mei
Sybrig har eigen wêzen is hat it neat mei fuotbal fan dwaan. Realisme en fiksje wikselje mekoar ôf yn dy dreamen, soms serieus, soms mei in laits. De iene kear sit se heech yn ’e wolkens en de oare kear stiet se mei beide fuotten op ‘e grûn. Op tige lêsbere en somtiden boartlike wize skriuwt Sybrig oer itjinge wat har oerkaam is.
Binne de ferhalen oer de dreamen foar it grutste part fiksje, it skriuwen oer har oerspand wêzen en oer har jeugd docht Sybrig op tige realistyske wize. Oangripend fyn ik it dat se sa earlik is tsjinoer harsels en oaren yn it beskriuwen fan it hiele sykteproses en oer wat sa meimakket en mei makke hat yn har libben. Oer it konflikt mei harsels skriuwt se al yn it begjin, “Myn ferstân en gefoel wiene it net mei-mekoar iens” en “Alles fielde tsjinoersteld”. Troch de wike seach ik út nei it wykein, wie it einlings safier, dan woe ik graach wer it ritme fan de wurkwike.” (s12)
Ek hiel bysûnder fyn ik de passaazje wêryn de skriuwster it hat oer de toutsjes dêr’t hja har yn har libben oan oplûkt en dy ‘t har op in bepaald stuit sa bot yn’ e macht ha dat se har ôffreget wa lûkt der no oan de toutsjes? It draait út op in tizeboel. (s16)
De natuer of skepping mei har fjouwer eleminten, ierde, fjoer, wetter en loft, spilet in hiele wichtige rol yn Sybrig har libben. Alles wat it libben fan hjoed de dei makket ta wat it is mei al syn drokte en beuzichheden fan de minske rekket folslein op ‘e eftergrûn as se kuiert of as se har deljout yn it romme fjild.
Sa as by safolle minsken hat Sybrig it dreech mei nee sizzen en dus hellet se tefolle oan wat har fansels parten spyljen giet en wat ek foar in part de oerspandheid yn ‘e hân wurket. Letter leard hja nee te sizzen en hoewol’t se it dêr earst dreech mei hat jout it in goed gefoel as hja dit docht. It tinken dat jo allinne mar aardich fûn wurde as jo ja sizze en jo foar in oar tsien kear yn ‘e rûnte wrotte waard, wat Sybrig oanbelange, ûnderút helle troch in maatskiplik wurkster dy’t sei: “do bist al aardich, dêrfoar hoechst dy ‘t net yn allerhanne bochten te wringen”. In wierheid as in ko!
Under it motto fan “in dream dy’t net ferklearre wurdt is as in brief dy ‘t net lêzen wurdt” jout Sybrig oan ‘e ein fan it boek noch útlis oer har dreamen. De dreamen wurde dêrtroch ynienen hiel realistysk en ferklearje tagelyk wêrom se dy dreamen sa’n wichtige rol spylje lit yn it boek. Neat gjin sweverichheid mear mar heldere taal dy ‘t elkenien oansprekke sil.
“Fleane, fleane, Fûgelfrij” is in ferhipt aardich boek fan 150 siden wurden wat it fertsjinnet nei de lêzers ta te fleanen.
In earlik en oprjocht ferhaal oer in drege perioade yn it libben fan in frou dy’t mei beide fuotten op ‘e grûn stiet, en dy’t it yn har hat om op tige lêsbere wize te ferheljen wat har oerkaam is yn it libben en der sterker útkaam is.
Bliid en tankber bin ik dat ik der in bydrage oan leverje mocht en de primeur hie.
Ik hoopje dat dit net it lêste is wat ik fan Sybrig lês.
Geart Bos.
It boek is foar €.15,- te keap by de boekhannel en by Sybrig thús, boppedat leit it ek yn de sutelkroade dy’t spitigernôch dit jier net troch ús doarp rôlet.