In alderheechst skouderklopke, elts fertsjinnet wolris in skouderklopke of in plomke. Minsken mei hert binne belangryk foar de leefberens foar it doarp. Klaas Looper en Fre Dijkstra binne twa minsken dy’t fan it earste begjin ôf dwaande west ha mei de doarpssite skearnegoutum.nl. Foar Klaas wiene der hast gjin technyske beheinings, hy hie it echte website gefoel en Fre hat it financieel allegear op tou setten. No nimme we nei sa’n alve jier ofskie fan dizze twa minsken. Fre en Klaas fertsjinje dêrom dizze kear in betankje, in alderheechst skouderklopke mei in dikke plom. Tige tank minsken!!!