‘Legt u het daar maar del’ : Aldegea (SWF), in doarp oan’t wetter, krekt as Skearnegoutum. De Brek is in wat grutter wetter as de Swette, it tal ynwenners fan Aldegea is wat minder as dat fan Skearnegoutum. As Skearnegoutumer ha ik in boekje skreaun mei ferhalen fan ús heit, berne en opgroeid yn Aldegea. 

Us heit is fan 1930, wie dus in puber yn de oarloch. Skearnegoutum mocht dan yn de oarloch bekend stien ha as Terroristendorf, ek Aldegea hat sa syn lytse en grutte fersetsferhalen. Fierder binne der ferhalen oer minsken mei harren brike setten en eigenaardichheden…

Wa’t nocht hat om it te lêzen: Het boek “Legt u het daar maar del”, pocketformaat, bevat 112 blz. met zo’n 20 foto’s en 10 tegeltjes met ‘wijsheid’ en is ‘te heljen en te beteljen’ voor €10 bij Harm en Sybrig Bethlehem, Fleardyk 6, sybrig@telfort.nl