Berne Iepenloftspul spilet yn 2025: Aladdine en de Wûnderlamp(ewinkel)

Mar leafst 65 bêrn weagen de stap om harren op te jaan foar de audysjes
fan BIS. Yn 2 rondes bleauwen d’r 29 oer dy’t yn juny op ‘e
planken stean yn Easterwierrum. Tydens de kickoff ein januaris moeten de
bern, âlders, artistiek tiim en it bestjoer inoar en waard it stik fan
2025 bekend makke. De titel fan it stik soarge fuortendaliks foar
ferwarring. Hin, Aladdin is dochs in jonkje? Mei it ‘BIS sausje’,
wer’t Peter Sijbenga hannen en fuotten oan jûn hat, kin alles en sa
docht blyken dat wy Aladdine moetsje, it earme famke dat yn in oar lân
op strjitte libbet. Yn dizze nije bewurking fan it âlde Arabyske mearke
út Tûzen en Ien Nacht nimt it famke ús mei op reis mei winsken, op
syk nei de Wûnderlamp yn de Wûndergrot en sjoche wy hoe’t dynamieken
tusken minsken soargje foar rare bokkesprongen. De sketsen foar it
dekôr en de klean binne klear, de commissies mei fêste minsken en
âlders stean yn ‘e startblokken en wy hawwe d’r sin oan om de
kommende moannen ús nekke út te stekken. Fan 19-28 juny binne de
foarstellingen. De kaartferkeap giet los op 1 april fia de website
www.berneiepenloftspul.nl [1]. Kinst ús ek folgje op Instagram en
Facebook (BIS Berneiepenloftspul).

BIS winsket elkenien in moai stikje kultuer ta en hopet jimme te sjen!