It berne iepenloftspul fan Easterwierrum (BIS) spilet dit jier ‘Lytse Pier en de flok fan it berneiepenloftmuseum’, nei in bewurking fan “Night at the museum”(2006).
Jim doarpsgenoat Cyloe Nota spilet foar de twadde kear mei!
Lytse Pier nimt ús mei nei it berne iepenloftmuseum dêr’t Fryske helden fan eartiids nachts ta libben komme en der út wolle om yn de wrâld fan no harren rol te spyljen. Dat wurdt hiel learsum, healwiis en spannend. Grutte Pier, Eise Eisenga, Mata Hari, de mummies….en wa sille wy noch mear moetsje?
Fan 20-29 juny is Cyloe, tegearre mei 24 bern út de regio te sjen! Geane jim mei op avontoer ? Bestel dan kaerten fia de webside www.berneiepenloftspul.nl