de SM-act (selsmakke cake) mei Theo Boorsma yn contrast mei de hillige reflectearjende cake fan muziekkorps Excelsior. In dubieus en dúnjend hûntsje hat pisjeneed en lit him gean. Toeristen Betty Tamminga en Sietske Zwerver sykje nei de âlde klapbrêge en stuiterje oer de spraakbetizing fan de namme Poeisz en poimar. Sinterklaas komt ferlegen del yn underguod. Alle gloarje fan de bernekriich mei tiereliedsjes fan u.o. tutte mei de linten en toppers fan de playbackshow. De geest lit in nije ‘superman’ komme foar it nije MFA, in tûzenpoat dy ’t it fundamint leit fan it nije programma foar bern oan’t sechttsjin jier: “de bernesjoo”. Dan hat master Johannes Bokma de musical, it nije telchje fan de krite, en lit hij de seal mei puffe en switte, … yn hoe oerlibje wy. Master lit de minsken nei de bar komme en dan komt nei de pause dûmny. Mei in ynakter dûkje en stowe Barbara Sypersma en Evelyn Buwalda yn sportklean, grou en ribbeljend yn it fet, nei in soart koart deiboek fan de herdershûn. De herder fan it doarp en sykje hja de X-factor fan dûmny Sytze Ypma. Hja minsken it wie in slagge jûn, spraakmeitsjend en de krite is mei dizze revue en harren nije logo wer folop yn aksje.
De revue wie in smaaklike jûn mei in protte heldere geesten… Yn it doarpshûs Elim naam de geest fan Elim de tiid mei. Troch wiswiere sprekkerij kaam alles op it aljemint..! Sietse Holtrop naam us mei yn ‘e waan fan santich jier krite mei in soad hichtepunten. De eerste aksje wie yn 1943 de âlde tiid, en no sitte de leden alwer yn de leste vergadering fan de krite en sjocht Freerk Bokma mei Geerd-Jan Smit en Emmy Wijbenga as bestjoer nei eartiids en nei de takomst. Yn de revue litte âlde bekinden en jong talint us wer sjen wat se noch yn hûs hawwe. In blik op it cabaret op Skearnebanen lit eltsenien genietsje fan