Dat wie al wer in skoftke lyn dat de Stadige Strikers nei in oerwinning skoden yn de freonskiplike striid tsjin de mannen fan Nocht en Kriich. It begjin fan it treffen kaam wat muoisum op gong. De nestor fan ús klup stie yn Aldegea en koe dêrtroch de nestor fan N & K moai meinimme. De striid spile him nammentlik ôf yn it Swettehûs ûnder de klanken fan it nije korps Swettewyn. Oft dy wyn fan ynfloed west hat op it damjen is min te sizzen, mar ien ding waard nei ôfrin wol dúdlik dat de Strikers mei grutte sifers wûn hienen: 8,5 – 2,5.
De skriuwer fan Aldegea ,Folkert Groenveld, hie yn it foar in prachtich oersichtsje ta-eppe nei de foarsitter fan de Strikers. Dy lêste koe dy gegevens moai even oer it fuotljocht bringe yn syn iepeningswurdsje. De útslach fan de lêste 14 kear dat it treffen ferspile is, wûnen Nocht & Kriich 8 kear en de Strikers 6 kear. En it aparte by dit alles wie, dat as men seach nei alle winstpartijen, beide klups likefolle boerdpunten hienen nammentlik: 89. Hoe is it mooglik net. Folkert moast der fansels ek efkes op ynheakje mei de opmerking: “Aldegea kin jûn mooglik wol op 100 boerdpunten komme!” Mooglik hat dat de Strikers triggere!
Nei it tige sportyf en gesellich treffen steane De Strikers no op 97,5 punten. Sa koe it dus ek Folkert. Yn de neisit waard dat fansels noch wol efkes yn wreaun. Al mei al in moai barren foar de Strikers foaral ek moai omdat de ûnderste buorden ek punten pakten. No wie dit net de grutste oerwinning op de mannen út it echte Aldegea. Yn 2014 waard it 10 – 2. Wy ferlearen ek in kear hiel dik. Dat wie yn 2017 doe’t Rients Winia foar ús mei in remize noch krekt de ear rêde koe.
Utslaggen fan de spile partijen: Jelle Wiersma – Folkert Groenveld 1 – 0; Willem Schaap – Pieter Hoogterp 1 – 0; Dicky van der Meer – Siebe Walinga 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Rein Jan Walinga ½ – ½; Cor Kooistra – Folkert Attema 1 – 0; Bauke Dykstra – Sietse de Jong 1 – 0; Ype Boelens – Jolke Groenveld 1 – 0; Tineke Teigeler – Durk Rypma 0 – 1; Kees Castelein – Almar Steginga 1 – 0; Hennie de Haan – Beke Haanstra 1 – 0. Strikers – Nocht &Kriich 8½ – 2½.