Tolve frijwilligers binne sneon, 16 maart in hiele dei drok dwaande west yn Elim. It wie de dei dat “Wandelsportvereniging Friese Lange Afstand Lopers” har Lege Geanen kuiertocht organisearre. Dielnimmers koenen 25, 40 of 60 km rinne en dienen dat mei faasje, mei droech waar, mar wol mei in kâlde wyn. Ek in tal skearnegoutummer rinners hat de tocht rûn dy`t begûn en einige yn Elim. Dielnimmers oan de 60 km tocht hienen ek in tuskenstop yn Elim. In dei yn Elim wêrop in goede “omzet” makke wurde koe en dat hawwe de frywilligers dan ek dien. 457 dielnimmers hawwe de tocht rûn.
Ek oare doarpshúzen lykas dy fan Gauw en Poppenwier hienen dizze dei in grutte ynrin fan kuierders. De frywilligers fan dizze dei hawwe in grutte plom wol fertsjinne.