Sneon 24 april is in groep frijwilligers drok dwaan west yn it Lange rek en de berging op it fuotbalfjild. Yn it gebouke waard der sloopt en opromme sadat ien en oar no oersichtlik in plakje krigen hat. Ek alle ramen binne tichtspikere en der sil noch nije ferljochting yn it âlde “keatshokje” oanlein wurde. Yn It Lange rek, dêr earder al klaver ynsiedde is, is der drok wurke oan in blombêd om straks bijen in plak te jaan en om te genietsje fan in kleurrike pracht. De foto’s binne fan Fiona v Netten en Ingrid Altenburg.