Hennie de Haan frouljuskampioen en Jelle grut Grutmaster!
Op it grutmastertoernoai yn Frjentsjer is Stadige Striker Jelle Wiersma as earste einge. Hy liet de oare selektearre dielnimmers, Taeke Kooistra, Marten Walinga en Foeke Tiemensma achter him. In prachtich risseltaat, boppedat hat Jelle der ek in aardich poepke jild mei fertsjinne. Dit is it iennichste damtoernoai Frysk spul wêr’t om grutte jildbedragen spile wurdt.
Hennie de Haan, Stadige Strykster, waard by de froulju kampioene. Sy wûn dêrmei in tige royaal en in lúks itentsje foar twa persoanen. Oan dat kampioenskip dienen trouwens mar fiif damsters mei.
Dammen op de basiskoalle.
Op freedtemiddei jou ik tidens de aktiviteit creakids Frysk damjen. It is in lust hoe as dy bern dat spultsje spylje. Wat binne se alle kearen wer entûsjast. De earste kear sjogge se dan wol ris in bytsje brimstich, omdat se net witte wat har te wachtsjen stiet. Ha se it nei de earste les in bytsje troch dan fine se it eins allegearre prachtich.
Bern meie fansels oer it algemien graach spulje en it moaie fan Frysk damjen is ek noch ris dat men der in protte fan leart. Konsentraasje is wat men oefenet en it analysearjen fan in probleem en it oplossen derfan. Damjen en it Fryske spul yn it bysûnder docht in berop op it romtelike tinken. Fan dit alles ha de bern neat yn de gaten, mar it is wol moai meinommen.
It oernimmen fan in stân op papier op it boerd freget al bepaalde feardichheden.
It alderbelangrykste is, dat de bern der nocht oan ha en dat dat sa is, litte se wol blike.
Cor Kooistra, foarsitter fan De Stadige Strikers.