Snein 14 july sieten we mei seis doarpsgenoaten om 17.00  yn de pastorytún oan de campingtafel te genietsjen fan griente fan de tún, moai yn de leite fan it skuorke. Elke wike binne we gemiddeld in jûn dwaande mei ûnkrûd wjudzje, siedzje, opkweekte griente yn de tún sette, wol deromhinne lizze, slakken sykje en emigrearje litte, stokkenstellaazjes sette om tomaten en beannen by opgroeie te litten, wetter jaan yn drûge tiden en geultsjes grave as it reint. Somtiden strune we sa de tún eefkes yn (dat kin no’t der gjin bewenners binne) om te sjen oft alles noch nei’t sin stiet en net plundere is troch slakken. In pear wike lyn ha we hearlik iten fan de ierdbeien, No dus genietsje fan wat de tún us fierders noch biedt. Dat diele we graach mei oare doarpsgenoaten, want 2025 hope we yn it nije plan in stik tún te bewurkjen en der kinne fansels altyd mear minsken by. We ha dit jier ek al sla en andyvje fan de tún helle en ferskillende krûden.

Menu 14 july 2024

-Amuse: artisjok mei vinaigrette, it hert earlik mei us seizen dield. Der sitte noch mear artisjokken yn, mar dy binne noch net sa grut. Yn bloei binne se ek hiel moai.

-Sop fan de earste courgette dit jier, de rest moat noch eefkes trochgroeie

-Canneloni mei reade melde, moaie sierstrúk dy’t alle kanten op wol. Beset ek in stikje fan us tun priuwt as spinaazje. De earste pluk joech hiele reade fingers.

-Salade fan de earste venkel dit jier

-Quiche mei giele snijbiet, salie en munt. We ha ek noch reade snijbiet op de tún.

-Curry mei paksoy, de ienige…

Smaaklike groetnis, Ingrid, Tara, Froukje, Wietske, Afke en Sybrig en de oare griene túnminsken dy’t der fannejûn net by wienen, mar ek holpen ha op de tún.

Vertaling naar het Nederlands

Ien yn’t grien: eten van en in de pastorietuin

Zondag 14 juli zaten we met zes dorpsgenoten aan een campingtafel om 17.00 in de pastorietuin, mooi in de luwte te genieten van de groente van deze tuin. Elke week zijn we gemiddeld een avond in de week bezig met onkruid wieden, zaaien, opgekweekte groente in de tuin zetten, wol eromheen leggen, slakken zoeken en laten emigreren, stokkenstellages opzetten om tomaten en bonen bij te laten groeien, water geven in droge tijden en geultjes graven in droge tijden. Een paar weken geleden genoten van heerlijke aardbeien en nu dus van wat de tuin verder te bieden heeft. Dat delen we graag met andere dorpsgenoten, want 2025 hopen we in het niuewe plan een dorpstuin te kunnen bewerkenen daar kunnen natuurlijk altijd meer mensen bij. We hebben dit jaar ook al sla en andijvie van de tuin gehaald en verschillende kruiden.

Menu 14 juli 2024

-Amuse: artisjok mei vinaigrette, het hart eerlijk in zessen gedeeld. Er zijn nog meer, maar nog klein. In bloei zijn ze heel mooi.

-Soep van de eerste courgette dit jaar, de rest moet nog even doorgroeien

-Canneloni met rode melde, mooie sierstruik die alle kanten op wil. Proeft als spinazie. De eerste pluk gaf hele rode vingers.

-Salade van de eerste venkel dit jaar

-Quiche met gele snijbiet, salie en munt. Er is ook rode snijbiet op de tuin

-Curry met paksoy, de enige…