Iepenloft eksposysje oer Joadske ûnderdûkers bern iepene troch boargemaster Jannewietske de Vries en Fred van Vliet.

In searje mânske foto’s fan Joadske ûnderdûkers bern binne oant ein maaie te besjen rûnom yn Fryslân. Sa ek yn ús doarp dêr’t de foto fan Louis Godschalk op de steger oan de Swette stiet by de fabrykshuzen, Swettewei 70, it adres dêr’t Louis yn de 2e wrâldkriich as lytse poppe ûnderbrocht waard by de famylje Oosterkamp. (sjoch it artikel oer it boek Wie ben ik Doarpsomropper mrt 2019 )

De bernefoto’s stean op fjirtsjin ferskate plakken yn de provinsje dêr yn de twadde wrâldoarloch de bern ûnderdûkt sieten. Fred van Vliet siet yn Snits ûnderdûkt op it adres Singel 20.

De eksposysje “Wy koenen der noch wol ien by ha” is frij tagonklik te besjen op de ûnderdûkadressen fan eartiids yn buerten, doarpen en stêden dêr’t de bern ûnderbrocht wienen yn de oarloch.
De foto’s binne makke troch Gerrit Boorsma. Meer informatie is te vinden op de website: (volg de link) https://joodsekinderen.nl/fototentoonstelling/