Oktober 2020 “Net bêst en in minne streek”
Ja minsken, wylst wy mei syn allen besykje ús doarp der kreas út sjen te litten, binne der lju dy`t nocht oan ûnnocht hawwe. Dizze kear moast it moaie nonnenbyld fernielt wurde. Trije byldsjes binne met geweld fan de sokkel skuod. Wy tinken net oan koperdieven. Dy soenen dan alle nonnen wol meinaam hawwe, tinke wy sa. It sille wol wer lju wêze dy`t neat om hannen hawwe en harren ferfele. Grutte kâns dat de trije byldsjes op de boaiem fan de swette lizze. Dy sille fanwegen it gewicht net gau fuort streame troch it wetter dochs? Wy, doarpsbelang, hawwe fansels oanjefte dien bij de plysje. In de eerst folgjende Doarpsomropper mear…