Nei in reinige dei mei dochs in soad wille, folge in skitterjend moaie doarpsjûn op tongersdei yn`e tinte fan de oranjefeesten 2015. De sketsjes wienen sûnder ek mar ien útsûndering fan hege kwaliteit en de fragenronde`s foar de dielnimmende teams wienen wier net maklik en dochs kamen der in soad goede antwurden. Mar ek de net foar te kommen flaters, al wienen dy dan somtiden wer hilarisch te neamen. It programma rûn wol wat út , mar om`t de organisaasje rûn as in treinsje en de sketsjes hiel bysûnder wienen, hie nimmen dat yn`e gaten. Wy meie wol fêststelle dat it Oranjebestjoer oanfiert troch Geert Jelle, it allegear goed yn`e hannen hat. Op de fotoside fan dizze site kinne jim ferskate bylden ferwachtsje, al moat it fotografenkollektyf fan dit evenemint konstatearje dat it in poepetoer is der wat fan te meitsjen yn in tinte wêr`t beweeglik disko-ljocht ús bot yn`e wei sit. Mar dat mei op dizze dorpsfeestjûn gjin beswier wêze.

Twa fan it grutte leger fan frijwilligers yn ús doarp binne beneamd ta promininten fan it doarp, te witten Sietse Holtrop en Coby de Boer. Lokwinske beide, jim hawwe it tige fertsjinne yn it sinsje setten te wurden. En sa`t jimmne sels ek oanjûn hawwe, dit strielet ôf op alle frijwilligers yn it doarp, ommers sûnder al dizze minsken soe it yn Skearnegoutum in deade boel wurde.

De musyk dizze jûn fan it duo Van Geef`m wie fan grutte klasse, wat te sjen wie oan de folle bak fan dizze jûn. En dan is der samar in jonge man dy`t foar syn freondinne op`e knibbels giet en freget: wolsto mei mei trouwe? Erik de Jager en Fennigje Lousma, in prachtich stel. It barde op it poadium, jawol, Erik woe it sa hawwe. En de seal hat dit feestje mei harren fiert en de Oranjekommisje foarme in waarme bân om har hinne. Hoe moai kinne je it hawwe?