Stof ta neitinken…. Faak ha ik my ôffrege, wat is no winliken de sin en funksje fan it krystfeestfieren hjoeddedei. It is dochs al lang net mear it hillige feest fan frede op ierde en yn ‘e minsken in wolbehagen. It egoïsme slacht foar master op. Frede op ierde is de grutste mislieding en mislediging fan dizze ieu wurden as jo sjogge hoefolle ûnskuldige minsken der fermoarde binne en wurde om, ja, wêrom eins? Om ‘e frede? Lit my net laitsje en as it minskdom sa troch giet, moardzje we mekoar nei in tal desennia út en net earder as dat it gefal is sil it frede wêze. We hawwe it wakker te dwaan mei dy earme stakkerts yn it Midden Easten, Afrika, en wit ik yn hokker lannen noch mear wêr’t alle dagen weroan tûzenen minsken omkomme troch oarloch of fan ‘e honger en ellinde. En wat dogge wy der oan?
We roppe ach en wee en skriuwe de sosjale media fol mei meilibjende berjochten dy ‘t we al as net sels betocht ha en we diele de meast ferskriklike bylden. Mar, ho ris, wy binne fansels ek hiel royaal, foar ús gemoedsrêst meitsje we geregeld in pear euro’s oer op it rekkennûmer fan in goed doel of helpaksje. Ja, mar, dêrnei meitsje we in ôfspraak mei it ien oft oare restaurant foar in krystmiel fan sân gangen, bestelle der noch in djoer wyntsje by en yte en sûpe ús sawat ûnpaslik. En ûnder iten wurdt der wakker diskusjearre oer de problemen dy’t de asylsikers of flechtelingen hjirmei hinne tôgje… Geart Bos skriuwt hjir noch mear oer en dat kin jo leze yn de Doarpsomropper op dizze site.