Dat der hiel moaie nachtflinters binne yn plak fan allinne mar brúne motten wie my net bekend. De flinter ekskursje op freed 1 july luts, wylst it waar min wie dizze dei en jûn, dochs noch 16 dielnimmers. Yn it Swettehûs seagen wy moaie flinters foarby kommen op de beamer. Gerard Bergsma fertelde der oer.

Op bygeande plaatsje kinne jimme sjen dat der ek kleurige nachtflinters binne en it docht bliken dat der soarten binne dy`t grutter binne as de dei flinters. En dan is dit plaatsje noch mar in swak foarbyld. It probleem mei nachtflinters is dat wy se hast net sjogge om`t de measte soarten fleane by skimer en kleare nacht. Mar, sa fertelde Bergsma, der binne der ek dy`t oerdeis wol fleane.

De twadde helte fan dizze jûn wie net sa`n grut sukses. Yn it fjild fan It Lange Rek hie Bergsma syn wite doek spant mei de lampe derop. It earste healoere seagen wy oars net as miggen op it doek. It wie rûch waar mei hurde wynflagen. Wy rekken suver wat yn in jolige stimming om al dy miggen yn plak fan nachtflinters, mar nei noch in skoft kamen der warempel nachtflinters nei it skelle doek. Twadde probleem wie dat se net op it doek sitten bliuwe koenen, se waarden suver lânsearre troch de hurde wyn op it doek en sa dwaande waarden de flinters yn it gers troch Bergsma yn in glêzen potsje stoppe om de soart fêst te stellen en sjen te litten.

Wy hawwe sjoen de: stompvleugelglasuil, houtspaander, gamma-uil, groente-uil, weidehalmuiltje, gewone grasmot en rietsnuitmot. Spitigernoch gjin flinters mei moaie kleuren.

Aardich op te witten is it folgjende; deiflinters libje fan nektar út blommen. Nachtflinters ek wol mar ek fan sappen út blêd, wetterdrippen, hout en houtmolm. Deiflinters waarmje harren op troch de sinne foar it fleanen, nachtflinters dogge dat troch harren wjukken te triljen. De measte flinters kinne de winter net oerlibje en stjêre nei`t se aaikes lein ha. Der binne inkele soarten dy`t wol by ús oerwinterje.

De dei flinters hawwe oan har, bytiden lange, sprieten knopkes op it ein. Nachtflinters net (meast opfallende ferskil) mar hawwe sprieten sûnder knop. De spriet liket wol op in kaamke of fearke. En dat is der fansels noch it wûnder fan it ferpoppen fan rups nei flinter. Dy rupsen binne faaks ek moai fan kleuren. Der binne flinters dy`t hjir thús hearre, mar ek dy`t op trek geane en oerwinterje yn Súd Europa en Afrika.

Al mei al in hiel aardige jûn en soenen wy dit nochris oer dwaan wolle dan sil Bergsma komme op in swoele, wynstille en waarme simmerjûn. It spite him bot dat it waar net meiwurke.