It natuerprojekt fan basisskoalle Op`e Hichte en Stifting de Flearen/Oer`t Lange Rek is wer tige slagge. Twa wiken lang binne de masters en juffen, tige belutsen, op skoalle dwaande west mei it projekt, dat dit jier it thema fûgels hat. Ek de fûgelwacht hat oanslúting socht by ús projekt. Yn de klassen 7 en 8 hat de wacht in presentaasje fersoarge oer de greidefûgels. De bern hienen in soad fragen oer it wurk fan de wacht en oer de fûgels. Op woansdei-jûn hawwe neisoargers mei hiel wat bern it fjild yn west en hawwe de bern sels de broedzjes aaien lizzen sjoen. Sa is in moaie gearwurking ûntstien tusken trije partyen wat wy graach kommene jierren mei de thema`s wetterlibben en beammen en strúken trochsette wolle.
Op twa dagen yn dizze perioade binne de bern yn lytse groepkes nei de Flearen west om it fjildlesprogramma út te fieren en hjirby hat bliken dien dat se hiel wat oer de natoer witte, folle mear dan wy wolris tinke. Wat dat oangiet is der faaks wol ferskil tusken bern út doarp en stêd.
Op tongersdei 18 april wie der in hurde wyn yn de Flearen, sa bot dat it lespapier alle kanten út waaide, mar it sinsje skine omraak en de bern wienen goed dwaande mei it leswurk. Ek seagen se u.o in ein op it nêst en de guozzen dy`t al op aaien sitte op it eilansje. Ek op tiisdei 23 april siet it waar mei en koe eltsenien genietsje fan de natoer by eigen doarp. De opdrachten fan de natoerles hawwe de bern mei faasje útfiert en der waard echt wurk fan makke. Dêrby hienen se in soad wille.
It projekt is ôfsletten mei presentaasjes troch de bern op skoalle op freed 23 april. Dat wie in tige fleurich barren om`t de bern yn it ramt fan de troanwikseling klaaid wienen in oranje sfearen. Ek it oranjegebak dat foar elts oanwêzich wie en de ranja droegen by oan in gesellich drokke dei wêr`t oan belangstelling fan âlders gjin gebrek wie.
Wy wolle it skoalleteam, de frijwilligers fan de Stifting en de âlders dy`t meiholpen hawwe om it projekt yn 2013 wer slachje te litte tige tank sizze. It natuerprojekt yn skearnegoutum stiet as in hûs en besoarget ús bern in learsumme en leuke natuerwike op skoalle.
It stiftingsbestjoer.