It is mear as 45 jier lyn dat Geart Bos en Rients Jorna, doe beide noch jong en bestjoerslid fan Doarpsbelang Skearnegoutum / Loaiïngea, de hânwizer op it krúspunt Fleardyk – Legedyk makke en pleatst ha. No fûnen sawol Geart as ek Doarpsbelang it tiid wurden foar fernijing omt it âlde eksimplaar der net útseach. De fraach fan Doarpsbelang rjochting de gemeente smiet krektlyk as doe neat op en dêrom kaam Jan Luimstra mei fraach by Geart om in oplossing te betinken. Alde saaklik konneksjes fan Geart soargen foar de oplossing en mei finansjele help út it ûndernimmings fûns koe der al gau in kreas nij boerd, passend oan de easken fan hjoed-de-dei, besteld wurde. Wat de sport oanbelanget wat koarter troch de bocht mar no ek mei de ferwizing nei it fytspaad lâns de Swette rjochting Boazum. Dit om’t der faak troch fytsende passanten nei dit paad socht wurdt.
Geart kaam op it idee om no, ek goed 45 jier âlder, tegearre mei Rients it nije boerd op te hingjen en it âlde op te romjen. 15 Oktober ha beide A.O.W ‘ers, griis en wiis, harren der mei red. De grap hjirby wie dat by it troch slypjen fan de âlde peal der en moaie stream wetter út ‘e peal kaam, grif ek 45 jier âld. Al mei al wie it in putsje fan neat, al hat it neipetear wol 2 kear sa lang duorre. Mar fansels is it sosiale aspekt minstens sa belangryk as it wurk. Foldien oer harren wurk binne de mannen wer op hûs oan gien. Bygeande foto’s binne it bewiis fan harren krewearjen.
No leit der noch in winsk fan Doarpsbelang. As jo fan ôf Boazum lâns it fytspaad ús doarp ynkomme en jo binne frjemd ûntbrekt der in komboerd “Skearnegoutum”. Wit hoe faak komt it foar dat guon passanten yn it doarp freegje wêr oft se binne. Men soe sizze dat kin de gemeente maklik oplosse mar ek hjir sil wol wer in pear grize mannen it ús doarp oer te set moatte.