Ofskie fan Albert,
Ofrûne wike hat de mediagroep ôfskie naam fan Albert Kingma. Albert hat it wurk foar de mediagroep dien fanôf de earste oere, dat wol sizze fanôf de tiid dat de Doarpsomropper op in oare wize makke wurde moast om`t der feroaringen kamen yn de produksje wize. De tiid fan stensilje en kopieermasjine wie foarby. Wy binne begûn mei in oar “format” fan de Doarpsomropper en it printsjen gie oer nei drukkerij Keetman yn Snits. De Doarpsomropper krige in nije jas oan mei moaiere printinge en mear kleur.
Hjir komt by dat Albert, nei`t hy al langer drok dwaande wie mei de webside www.skearnegoutum.nl no initiatyfnimmer wie om omropper, webside en de facebook side mei elkoar te ferbinen om sa in breder draachflak te krijen fan it meitsjen fan it skearnegoutummer nijs.
It is net oerdreaun te sizzen dat Albert de meast driuwende krêft fan de Mediagroep west hat oan’t no ta. Mei syn enthousiastme en kreatyve ideeen ûntstie in moaie gearwurking fan hiel wat belutsen ynwenners fan it
doarp. Sels kaam hy ek mei kopij, mar hat op ús allegear altyd wer in berop dien kopij oan te leverjen as de deadline fan de ynleverdatum wêr oansteande wie, socht nije meiwurkers as oaren ôfskie namen en introdusearre “de klap op de krant” faaks by him thús en ek wol by ien fan ús as de kopij nei de drukker moast. De klap wie dan de lêste skôgging fan de kopij.
Albert fielde him ferantwurdlik en ek yn de wykeinen wie er somtiden noch dwaande met it wurk. In hiele rigele minsken hawwe har yn de rin fan de tiid ynsetten foar de Mediagroep mar faaks net altyd foar langere tiid sadat Albert mar sykjen bliuwe moast nei wer nije minsken. It joech el wolris argewaasje foar him as der wer folle druk ûnstie, mar altyd wist er wer op gehiel eigen wize tsjinslagen oer te kommen.
De kopij dy Albert sels makke wie bysûnder mar waard somtiden troch in tal lêzers net sa goed begrepen. Ik tink dat dit kaam om`t Albert in hiel eigen styl fan skriuwen hat, somtiden wat kriptysk wêze kin, ek de humor dy der yn siet wie typysk Albert. Foar minsken wer hy mei gearwurke wie it wol dúdlik wat syn boadskip wie yn de stikken dy hy skreua.
Albert, tige tank foar dyn grutte ynset foar de mediagroep. It wie goed en wy hawwe mei elkoar in soad moaie dingen dwaan kinnen. Wy sille elkoar ek net út it each ferlieze. Ik hoopje dat de Mediagroep troch gean kin mei wurk dat foar it doarp fan wearde is.
Jan