It wie wol efkes spannend snein, 7 juli foar de leden fan fanfare swettewyn en stedelike harmonie.

Wat sil it waar dwaan? Om 11.00 oere noch in foarske buie yn sawol skearnegoutum as snits. It easde bakken wetter kamen del.
Moat plan b fan stâl helle wurde? In útstel oan`t oare wike snein?De bestjoeren beslisten oars, we geane der foar en sjogge wol hoe`t it komt!

No it kaam goed! Om sawat 15.00 oere hinne in stevige bui dy`t in lyts kertierke oanhold. Mar fierder moai waar, de sinne derby en foar it orkest en it publyk noftlike oerkes. De sing a long is tige slagge.

Elts wie goed ta ret op in bui om`t wy, mar ek it publyk reinklean of in paraplu mei naam hienen. Dat smiet ek noch wol aardige bylden op ek! Nei ôfrin wol in wiete kont fansels, mar nim je dan wol op de keap ta.

Jan