Der barde nochal wat yn Skearnegoutum de lêste wiken. Sa binne de wurknimmers fan BAM al in hiel skoft dwaande om it glêsvezel netwurk foar snel ynternet oan te lizzen en de oanslútingen nei de wenten te bringen. Alle stoepen moate opbrutsen wurde foar it lizzen fan de dikke kabels. It wurk giet noch altyd troch.

Bij it doarpshûs is de tydlike apotheek opbouwt  yn ôfwachting fan it nij te bouwen Sûnenssintrum.  Oannimmer Wigle Bakker hat de oanboude berg romte fan it doarpshûs útwreide om`t dizze te lyts wurden wie.

Ik hearde de bern fan basisskoalle  Op`e Hichte sjongen op it skoalleplein wêr in soad flagjes hongen. Der wie blykber wat te fieren. Skean tsjinoer it doarpshûs is der in drokte fan belang by Supermerke Poiesz en de bakkerij Posthuma. Yn de supermerke is ek de locker fan apotheek Noard wêr ynwenners fan Skearnegoutum har medisinen helje.

Samar in wike yn Skearnegoutum dy`t op freedtejûn 22 april ôfsletten wurdt yn in drok beset doarpshûs wêr in klaverjas jûne wie, de Fûgelwacht haar jiergearkomste hie en de dokters Jansen en Hornstra harren plannen fan it te bouwen Sûnenssintrum presentearje. 79 doarpsgenoaten wienen op dizze gearkomste ôfkommen.

Jansen en Hornstra leinen út werom Swettewei Noard útkeazen is as plak foar dit nije sintrum. Hjir sil net allinnich Skearnegoutum betsjinne wurde moate mar ek in grutte regio rûnom Skearnegoutum en moat dêrom in plak wêze dy`t goed te berikken is foar de besikers út de omlizzende doarpen. Op it keazen plak sille minsken út de Legean net troch Skearnegoutum hoeve te riden en die út Boazum en omlizzende doarpen allinnich oer de Lege Dyk. It giet om mar leafst 22 doarpen.
Architekt  Atsma toant  moaie bylden fan it nije, miljeu freonlike komplex en jouwt útlis en taljochting.

Een tige slagge jûn en de oanwêzigen kinne it ûntwerp bisûnder wurdearje.
Reuring yn it doarp, mar gjin ferfelende….bouwe oan de takomst!!

 

Jan Luimstra
(skriuwer doarpsbelang)