Boekpresintaasje ‘Sis my wa’t ik bin!’

Fan ‘e moarn mocht ik foar de mediagroep Skearnegoutum in bysûndere gearkomste bywenje op Basisskoalle Op ‘e Hichte mei as spesjale gasten Kommissaris fan de Kening Arno Brok en middels in skype ferbining mei Israël, Louis Godschalk. Hjir waard it boek “Sis my wa’t ik bin” fan Hanneke de Jong oer it libben fan Louis, alias Loekie Rienstra presintearre. Alle bern fan skoalle krigen dit berneboek fan de Kommisaris. Lês alles hjiroer yn de kommende Doarpsomropper.