Op dizze prachtige skrikkelmoarn sjoch ik eefkes troch de doar by de skrikkel-job, Tsjeard de Boer en skrikkel-jet, Sietske van der Wal fan Skearnegoutum. It hûs fol besite en drokte by beide skrikkels, dat ik ha se mar lokwinske mei dizze jierdei, op nei de 19de en 20ste jierdei yn 2020! Sietske woe net op de foto dizze spesjale dei, want der bin al genoch foto’s fan my op de site. Dat is fansels wier. Sjoch foar in gesellige dûnsfoto 14 febrewaris yn’t Swettehûs:
No miende Tsjeard ek dat er net op de foto woe, mar de stoel stie al klear en Coby waard út de keuken helle om moai tegearre op de foto. Tsjeard meldde noch dat doe’t er 48 waard (1988, dus syn 12de echte jierdei), in dosint (foar de oplieding ta rydynstrukteur) in moai gedicht makke hie weryn’t er Tsjeard alle sukses tawinske mei de start fan de middelbare skoalle! Fan ien fan de pakesizzers ha’t in moaie kaart krigen mei 19 derop. It soe fansels moai weze as dy him noch ynhelje kin…
Sjoch ek de Doarpsomropper fan dizze moanne, maart 2016 earste side…