Uteinlik wie Jan de man fan de jûn. It damjen fan Jan Castelein hie noch wat better kinnen, mar hied er dy iene flater net makke, dan hie it noch hiel oars út pakke kinnen. Dochs soe dyselde Jan de man fan de jûn wurde. Der waarden moandeitejûn seis partijen spile. Oer it generaal gyng dat hiel aardich. Wol wienen der twa kamppartijen en yn it neiplúzjen fan it iene kampspul liet Jan him efkes hearre.

Sjoerd Jan Bakker en Cor Kooistra makken der kamp fan. Dat einspul kaam noch ferskate kearen op it boerd.

En in dammers út de heechste klasse wienen drok dwaande mei it tellen fan de setten fan in daam. Se kamen der eins net út en ta beslút wienen se it der oer iens dat it in terjochte kamp wie. Dochs noch kear it hout op it boerd. Doe sei Jan, no fan oktober ôf spiler fan it Fryske spul: “Jim kinne fansels ek wol mei dat iene houtsje strike” De mannen sieten hielendal yn in tunnelfizy en fergeaten it houtsje. Jan hie gelyk. It spul hie dan mooglik noch de winst op leverje kinnen foar Kooistra.

De oare kamppartij spilen Bauke Dykstra en Willem Schaap. De earste krige twa dammen en Willem hie in daam en noch twa houtsjes. It soe der om spanne en gewoanwei soe men sizze dat ien mei twa dammen wol yn hâldershân is. Willem hie noch wol optimistyk praat: “Ik leau net dat der noch winst foar my yn sit en dêrom meitsje ik der mar remize fan.!”  Dat wie de ienige mooglikheid om noch in heal puntsje yn de wacht te slepen. Hie er noch in set wachte dan hie er it oprûn.

Utslaggen: Willem Schaap – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Dykstra – Willem Schaap ½ – ½; Dicky van der Meer – Sjoerd Huitema 1 – 0; Bauke Bos – Jan Castelein 1 – 0; Kees Castelein – Hennie de Haan 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra ½ – ½.